Doarpsbelang Dedzjum.                     FOTOALBUM KLIK HIER

As it maitiid wurd, wolle de einekuorren wol ris út Dedzjum wei, sa ek freed 24  april.
42 Lytse en grutte, jonge en âlde ynwenners teagen nei de Stolp yn Snits. Mei in soad wille waard der striden om de heechste goai. Der waarden hiel wat strikes en spares foar it ljocht tovere. Nei in oere bowlen hie elk wol sinne oan wat lekkers. Fersjoen fan  in lekker hapke en drankje koenen wy de twadde oere wol oan. Nei ôfrin die bliken dat de swagers Wieberen Poelstra en Siebe Baints like folle punten skoart hiene. Minke hie foar beide mannen in pot mei lekker snobbersguod. Wêr’t hege punten binne, binne ek lege, sa gie de poedelpriis nei Sylona Westra en ek sy koe lekker snobje. Wy kinne werom sjen op in tige slagge jûn mei in soad belangstelling, soks noadiget út ta in oare kear. Betanke bestjoer!

In dielnimmer.